Akkrum.net

De earste ljipaaien yn it wurkgebiet fan Fûgelwacht Akkrum binne woansdei 13 maart 2024 fûn troch ien fan de leden, Tsjebbe Andringa. Oan it begjin fan de middei trof er it twake oan op it lân fan ponghâlder en molkfeehâlder Karst Breeuwsma yn de hoeke de Van Sminiawei en de trochgeande dyk van Aldeboarn nei Akkrum.

Andringa hat fuortendaliks melden en in foto maken. It nêst lei kreas op in bultsje rûchte yn de greide. Fanút syn hûs oan de Boarnsterdyk hat er moai útsjoch op it stik lân. Hy is in echte fjilman, fansels lid en ak tige warber foar Fûgelwacht Akkrum. Hy hâldt ek de pomp fan de plasdrashoeke op it lân fan Breeuwsma yn de smiezen.

It earste aai fan gemeente It Hearrenfean waard tongersdei 7 maart 2024 fûn. Troch it wiete waar fan de lêste tiid, moat der nog een soad lânwurk dien wurde troch de boeren, sa fertelt in wurdfierder fan Fûgelwacht Akkrum. ,,De kommende dagen bliuwt it prachtich moai ljipeiwaar. Oan ús om der foar te soargjen dat der sa min mooglijk ferlern giet.’’

Foto's: Fûgelwacht Akkrum

Nog geen reacties.

(advertentie)