Akkrum.net

De Akkrumer follybalferiening AVC ‘69 spilet sneon 16 desimber 2023 mei seis teams thús yn de Utingeradeelhal. Nei ôfrin fan de wedstriden is der in Sweedske Jûn yn it Sportcafé Akkrum. De spyljende teams soene it moai fine as de tribunes leuk fol sitte kinne om de wedstriden te besjen.

De talinten fan AVC ‘69 begjinne fanôf 17.30 oere. Dat binne H3, MA1 en XB1. De topteams startte ek tagelyk op alle trije fjilden yn de sporthal, likernôch om healwei achten. Dat binne de Dames 1, Heren 1 en Heren 2. Nei ôfrin fan de wedstriden is der in Sweedske feestjûn. Gesellige musyk, moaie prizen en in soad wille, sa ferwachtsje de organisatoaren.

Illustraasje: AVC '69

Nog geen reacties.

(advertentie)